Nederlânske flagge
Nederlands

Fryske flagge
Frysk

menu

naam

Wolkom


Aktueel

foto   foto   foto
(klik op in foto foar in fergrutting)

Táncház is in ynternasjonale folksdûnsferieniging yn It Hearrenfean.


Táncház is it Hongaarske wurd foar dûnshûs of dûnsfeest.
De ferieniging is oprjochte yn jannewaris 1979 en bestiet no dus al 40 jier!
Op ûntspande wize wurde de dûnsen oanleard. Dit alles ûnder deskundige lieding.
Wy leare dûnsen út West- en East-Europa, Israël, Grikelân, Amearika, Ruslân ensfh.
Stadige, flugge dûnsen, kring-, peare- en solodûnsen foar begjinners en trochsetters wikselje inoar ôf.

Meidwaan

Jo binne fan herte wolkom om del te kommen om te sjen en mei te dwaan! As jo meidûnsje wolle, kinne jo dit alhiel frijbliuwend twa jûnen dwaan.

Wannear

Wy dûnsje elke tongersdei fan 19.30–21.30 oere. Under it kertier pauze drinke wy meiinoar tee.
Us lessen hâlde wy yn it gymlokaal by de Van Maasdijkskoalle oan de Van Bijma Thoe Kingmawei 1 (by it sikehûs Tjongerschans) yn it Hearrenfean.
Yn de gymnastykseal mei allinnich mei dûns- of gymskuon rûn wurde.
It dûnsjen is op eigen risiko.

Oanmelde

Lit it ús tefoaren witte as jo in kear komme wolle te sjen. Oanmelde kin mei it kontaktformulier of troch it stjoeren fan in e-mail nei info@tanchazheerenveen.nl, of nim telefoanysk kontakt op mei Anneke Boxman, tel.nr. 0513-623066.
Dus kom ris del op de tongersdeitejûn!

flyer

foto   foto   foto
(klik op in foto foar in fergrutting)

footer1

footer2

Lêste wiziging: 18 oktober 2019