namme

Programma

foto
foto
foto

Dûnsjûn

Begjinners en dûnsers dy't al mear ûnderfining hawwe dûnsje mei elkoar. Oan it begjin fan it nije seizoen wurdt der ekstra oandacht bestege oan it learen fan passen en figuren. Ofwikseljend wurde der ienfâldige en muoilike dûnsen dien, sadat sawol de begjinners as dejingen dy't al langer dûnsje plezier oan de dûnsjûnen belibje. Om ûngefear healwei njoggenen hâlde wy in koarte pauze.


Dûnsaginda seizoen 2025-2026

Wy dûnsje op de tongersdeitejûn. De lessen binne fan 19.30 oant 21.30 oere.
Dit mei achtslaan fan ûndersteande data:

  •   4 septimber: Earste dûnsjûn
  • 11 septimber: Iepen les
  • 23 oktober: Gjin les y.f..m. hjerstfakânsje
  •   6 novimber: Lede-/jiergearkomste
  • 18 desimber: Tema-jûn: Kryst
  • 25 desimber en 1 jannewaris: Gjin les y.f.m. krystfakânsje
  •   8 januari:  Iepen les – i.f.m. waarsomstannigheden ferfallen
  • 19 febrewaris: Bal mei orkest Noatferskaat en folksdûnsgroep Flot en Fleurich
  • 26 febrewaris: Gjin les y.f.m. foarjiersfakânsje
  • 23 april: Lêste les fan it seizoen.

Elts seizoen organiseare wy ien of meardere spesjale jûnen. Op sa'n spesjale jûn wurdt oan de hân fan in bepaald tema ekstra oandacht bestege oan folkloare, muzyk, sang en net te ferjitten hapkes en drankjes.
Ienkear yn 't jier, ûnder in dûnsles yn novimber, hâlde wy de algemiene ledegearkomste. Nei ôfrin geane wy wer dûnsjen. As it nedich is, skriuwe wy in ekstra ledegearkomste út.


Oersjoch fan de dûnsen

Om in yndruk te jaan hokker dûnsen wy allegearre dogge, in list fan de dûnsen fan it ôfrûne seizoen.
Fan elke dûns binne wol fideo's te finen, almeast op YouTube.

2024-2025
Legnala Dana – Masedoanje
Rivier – Nederlân
De vijfde beste – België, Flaanderen
Buvcansko – Masedoanje
De Cantat – Roemeenje
Hrasničanka – Bosnië
Setskiye Zori – Ruslân
Shma – Israël
American Summer – New England, USA
Hora din Muscel – Roemeenje
Yom Echad Itach – Israël
Sej Bob – Bulgarije
Yar Ko Parag – Armeenje
Vals från Vinön – Sweden
Lapin Joiku – Finlân
Longdans från Sollerö – Sweden
Bepundak katan – Israël
Nie Bouditie – Roma, Ruslân
Aman aman – Roemeenje
Melniško horo – Bulgarije
Acano Mlado Nevesto – Masedoanje
Indijski cocek – Roma
Donde estas Yolanda
foto
foto
foto

footer1

footer2