Táncház is it Hongaarske wurd foar dûnshûs of dûnsfeest.
De ferieniging is oprjochte yn jannewaris 1979 en bestiet no dus al in goede 40 jier!
Op ûntspande wize wurde de dûnsen oanleard. Dit alles ûnder deskundige
lieding.
Wy leare dûnsen út West- en East-Europa, Israël, Grikelân,
Amearika, Ruslân ensfh.
Stadige, flugge dûnsen, kring-, peare- en solodûnsen foar begjinners en
trochsetters wikselje inoar ôf.
Jo binne fan herte wolkom om del te kommen om te sjen en mei te dwaan! As jo meidûnsje wolle, kinne jo dit alhiel frijbliuwend twa jûnen dwaan.
Wy dûnsje elke tongersdei fan 19.30–21.30 oere. Under it kertier pauze drinke
wy meiinoar tee.
Us lessen hâlde wy yn it gymlokaal by de Van Maasdijkskoalle oan de Van Bijma Thoe
Kingmawei 1 (by it sikehûs Tjongerschans) yn It Hearrenfean.
Yn de gymnastykseal mei allinnich mei dûns- of gymskuon rûn wurde.
It dûnsjen is op eigen risiko.
Lit it ús tefoaren witte as jo in kear komme wolle te sjen. Oanmelde kin mei it
kontaktformulier
of troch it stjoeren fan in e-mail nei
of nim telefoanysk kontakt op mei Anneke Boxman, tel.nr. 0513-623066.
Dus kom ris del op de tongersdeitejûn!