De yllustraasje komt foar yn de striprige 'Op weg naar Compostella', diel 2 fan 4, fan de Frânsk-Belgyske striptekener Jean-Claude Servais.
In artikel oer de heilsume wurking fan dûnsjen, yn it ramt fan fysyk en mentaal wolwêzen – skreaun troch ien fan ús leden!
Erik Scherder roept niet voor niets:
"We moeten bewegen!" >>
In ympresje fan ús ferieniging.
It artikel stiet ek hjir
yn gruttere tekst.
CULTUURF[E]AN 2022 is in útjefte fan Museum Heerenveen, Bibliotheken Mar en Fean, Posthuis Theater en Ateliers Majeur. It blêd wurdt ienris yn 't jier hús-oan-hús ferspraat yn It Hearrenfean en omkriten.
Op 2 febrewaris 2019 fierden wy ús 40-jierrich jubileum.
It wie in prachtich feest wêr 't wy allegearre mei in protte nocht op weromsjen kinne.
It gâns tariedende wurk, mei in hiele protte wille en entûsiasme dien, soarge foar in hiel ûntspande jûn, dêr 't eltsenien folop genietsje koe.
Almei tank sij it entûsiaste spyljen fan orkest "Op Streek", de noflike meiwurking fan restaurant "De Koningshof", "Boonstra Bakkerij Heerenveen" en "Oenema Naaimachines" hawwe wy dit feest mooglik meitsje kinnen.
Wy wolle eltsenien dy 't in stientsje bydroegen hat oan ús prachtige jubileum hiel hertlik tankje!
De jubileumkommisje