Begjinners en dûnsers dy't al mear ûnderfining hawwe dûnsje mei elkoar. Oan it begjin fan it nije seizoen wurdt der ekstra oandacht bestege oan it learen fan passen en figuren. Ofwikseljend wurde der ienfâldige en muoilike dûnsen dien, sadat sawol de begjinners as dejingen dy't al langer dûnsje plezier oan de dûnsjûnen belibje. Om ûngefear healwei njoggenen hâlde wy in koarte teepauze.
Wy dûnsje op de tongersdeitejûn. De lessen binne fan
19.30 oant 21.30 oere.
Dit mei achtslaan fan ûndersteande data:
De start fan it seizoen is yn 'e regel medio septimber, en it rint troch oant en mei maaie.
De kontribúsje foar in jier komt op € 135,–.
Elts seizoen organiseare wy ien of meardere spesjale jûnen. Op sa'n
spesjale jûn wurdt oan de hân fan in bepaald tema ekstra oandacht bestege oan
folkloare, muzyk, sang en net te ferjitten hapkes en drankjes.
Ienkear yn 't jier, ûnder in dûnsles yn novimber, hâlde wy de algemiene
ledegearkomste. Nei ôfrin geane wy wer dûnsjen. As it nedich is, skriuwe wy in
ekstra ledegearkomste út.
Om in yndruk te jaan hokker dûnsen wy allegearre dogge, in list fan de dûnsen
fan it ôfrûne seizoen.
Fan elke dûns binne wol fideo's te finen, almeast op YouTube.
Kefel – Israël
Celtic Thunder Corlu Aroman – Roemeenje Sapphire Sea – Ingelân Pirotski Čačak – Servje/Pirot Libi – Israël |
Oige ja vasemba – Estlân
Enino horo – Bulgarije Vallja e Pllanës – Albaanje Do Mar Çiften – Albaanje Athela Mou – Grikelân Vals à Capri |
Tu Romnie – Roma
Sabrali sa se, Sabrali – Bulgarije Ach Eleni – Grikelân Trenulețul – Moldaavje |