Nederlânske flagge
Nederlands

Fryske flagge
Frysk

menu

naam

Aktueel

foto   foto   foto
(klik op in foto foar in fergrutting)

Táncház is in folksdûnsferieniging yn it Hearrenfean.


Táncház is it Hongaarske wurd foar dûnshûs of dûnsfeest.
De ferieniging is oprjochte yn jannewaris 1979 en bestiet no dus al hast 40 jier!
Wy besykje op in ûntspande wize dwaande te wêzen mei it (learen te) folksdûnsjen.
Dit alles ûnder deskundige lieding. Der wurde dûnsen oanleard op ferskate nivo's.
Wy dogge dûnsen út û.o. Roemeenje, Ingelân, Israël, Ruslân, Bulgarije en Nederlân.

Meidwaan

Jo binne fan herte wolkom om ris del te kommen om te sjen en mei te dwaan! Eltsenien dy't meidûnsje wol, mei dit alhiel frijbliuwend twa lessen dwaan.

Wannear

De lessen wurde elke tongersdeitejûn fan 19.30 – 21.30 oere jûn, dit ynklusyf in kertier pauze.
Us lessen hâlde wy yn it gymlokaal by de Van Maasdijkskoalle oan de Van Bijma Thoe Kingmawei 1 (by it sikehûs Tjongerschans) yn it Hearrenfean.
Yn de gymnastykseal mei allinnich mei dûns- of gymskuon rûn wurde.
It dûnsjen is op eigen risiko.

Oanmelde

Nei oanmelding foar in proefles kinne jo ris delkomme op in tongersdeitejûn. Oanmelde kin troch it stjoeren fan in e-mail nei info@tanchazheerenveen.nl of nim telefoanysk kontakt op mei Anneke Boxman, tel.nr. 0513-623066.
Dus kom ris del op de tongersdeitejûn.
En wannear 't jo beslute om lid te wurden, ferbine jo jo foar in jier.
Wy hoopje jo gau ris te sjen by ien fan ús lessen!

foto   foto   foto
(klik op in foto foar in fergrutting)

footer1

footer2

Lêste wiziging: 25 oktober 2018