Nederlandse vlag
Nederlands

Friese vlag
Frysk

menu

namme

Dûnsjûn & dûnsaginda

foto   foto   foto
(klik op in foto foar in fergrutting)

Dûnsjûn

Wy dûnsje elke tongersdeitejûn fan 19.30 oant 21.30 oere. Begjinners en dûnsers dy't al mear ûnderfining hawwe dûnsje mei elkoar. Oan it begjin fan it nije seizoen wurdt der ekstra oandacht bestege oan it learen fan passen en figuren. Ofwikseljend wurde der ienfâldige en muoilike dûnsen dien, sadat sawol de begjinners as dejingen dy't al langer dûnsje plezier oan de dûnsjûnen belibje. Om ûngefear healwei njoggenen hâlde wy in koarte teepauze. Graach sels in beker of kopke meinimme.


Dûnsaginda seizoen 2018-2019

Wy dûnsje op de tongersdeitejûn. De lessen binne fan 19.30 oant 21.30 oere.
Dit dogge wy mei achtslaan fan ûndersteande data:

De start fan it seizoen is trochgeans medio septimber, en it rint troch oant medio april.
De kontribúsje foar in jier komt op € 135,–.
Elts seizoen organiseare wy ien of meardere spesjale jûnen. Op sa'n spesjale jûn wurdt oan de hân fan in bepaald tema ekstra oandacht bestege oan folkloare, muzyk, sang en net te ferjitten hapkes en drankjes.
Ienkear per jier, ûnder in dûnsles yn novimber, hâlde wy de algemiene ledegearkomste. Nei ôfrin geane wy wer dûnsjen. As it nedich is, skriuwe wy in ekstra ledegearkomste út.


Spesjale dûnsdagen


Dûnsargyf

De dûnsen fan de ôfrûne jierren, mei links nei demonstraasje- en ynstruksjefideo's:

foto   foto   foto
(klik op in foto foar in fergrutting)

footer1

footer2